Loading...

Doede Veeman - De Begraffenis Fan Omke Wopke

45,596 views

Loading...

Loading...

Loading...

Rating is available when the video has been rented.
This feature is not available right now. Please try again later.
Uploaded on Mar 26, 2009

Jan Bokje brocht my justermoarn de groetenis fan ús omke Wopke, want dy wie stoarn
ik waard ek noege om mei op begraffenis, en derom luts ik hjoed de pronk mar oan
doet ik by t stjerhûs kaam wie t krekt oft brulloft wie
ik ha nea witten dat ús omke Wopke sa'n famylje hie
ús muoike Tryn dy song in psalm wylst omke Sjoerd hast fersûpte yn syn grutte hege hoed
'hoe is it krij w' ek hast in slokje' raasde lytse reade Kei
'want as ik net in slokje krij, no dan ferdom ik it om mei'
en de froulju gûlden allegear: 'och hea, ús lytse leave omke Wopke samar dea!'
'hy wie ynt lêstoan', sei Marij, 'frijwat yn e skiterij, mar no is dy âlde stumper samar wei'

Eart de kiste tichtgong mochten wy ús omke Wop allegearre nochris ien kear sjen,
'wat leit er dêr no rêstich',seit ús muoike Tryn,'sa ûnskuldich, krekt as wie't in bern,
as hie er hiel syn libben nimmen kwea noch dien,
mar grutter sûplap, grutter smearlap, minsken, hat der nea bestien!'
mar doe raasde Jelle Sjouk: 'dat is net wier!' en raamd ús muoike Tryn fuortdaliks yn it hier,
en Jelle skopte en omke Sjoerd dy holp doe ek in hantsje mei
en doe wiet ynienen samar sa'n hiele fjochtpartij!
'minsken, help, hy docht my dea', rôp omke Sjoerd, en hy plofte op syn grutte hege hoed
dy wie doe as in skol sa plat, ûnder omke syn grou gat
en de stumper seach al siet er op 'e pot!

Doe't hy oerein kaam soe't al wer fan foarwei oan, omke rop: 'ik stek him dea', want hy wie poer
mar Gatse Sipel dy stie gau mei de flesse klear, sei: 'omke priuw ris', en doe wie de rûzje oer
omke sei: 'myn hoed is plat, mar oars is't goed beslein'
en doe tôgen wy meiďnoar ús Wopke op 'e boerewein
en doe gongen wy op stap, foarop rûn Sjoerd, op syn kop dy grutte, platte, hege hoed
en wy hiene der daliks west, hie der mar net in herberch stien
want doe't Sjoerd dat seach rôp er: 'ho, wy keapje der earst noch ien'
'ja, dat liket my goed ta', sei reade Kei, 'mar dan moast ús Wopke ek noch ien kear mei!'
no, wy wiene gau beret, omke waard fan de wein ôf set, en dy skoden wy doe ûnder it biljert

Jan en Gatse Sipel stompten in partij en der waard fuortdaliks ek aardich preaun
en hie ús omke Sjoerd op't lêst net wizer west, no dan wiene wy der noch wol oeren bleaun
mar omke sei: 'wy moat wer fuort, ús Wop moat yn e grûn
wy gean wer fierderop, kastlein, gean noch ien kear rûn'
en wy gongen wer op stap, foarop rûn Sjoerd, en dy stapte no al aardich oer de foet
en hielendal achter yn de rigele dêr song lytse reade Kei:
'ja, lang sal omke Wopke leve, hij leve frij en blij'
Jan en Gatse sliepten rêstich op e wein en ús reis dy rûn al aardich op syn ein
doe ynienen sei lange Gjet: 'Ja ik betinkt my wol wat let, mar ús omke stiet noch ûnder dat biljert!'

ferheard stie doe ynienen de hiele rigele stil, omke sei: 'ja, dêr helpt gjin bliksem oan
wy moat werom, want omke Wopke moat ek mei, en dus begjinne wy mar wer fan foarwei oan'
'want as de baas fan't spul der sels net iens by is,
no, dan fyn ik foar gjin donder oan sa'n hiele begraffenis'
dat wy gongen wer werom nei de kastlein en wy smieten omke Wopke op 'e wein
foardat wy giene moasten wy de man noch in pear slokjes ha
en doe giene wy tige fleurich werom neit tsjerkhôf ta
doe't wy dêr wiene moasten wy earst in slach yn't rûn, en doe stoppen wy omke Wopke yn 'e grûn
lange Gjet sei, nei't ik mien: 'no is de foarstelling wol dien, en no keapje wy werom ek noch mar ien'

  • Category

  • License

    • Standard YouTube License

Loading...

When autoplay is enabled, a suggested video will automatically play next.

Up next


to add this to Watch Later

Add to

Loading playlists...