SC Hearrenfean nimt it snein 17 maaie yn 'e Rotterdamske Kuip op tsjin de Tukkers út Enschede, FC Twente. Hast 20.000 Friezen reizgje ôf nei Rotterdam om mei ús Hearrenfean de beker foar it earst yn 'e kluphistoary nei Fryslân te slepen.
Foar wa't der yn 'e Kuip net by wêze kin, organisearret de klup út Fryslân in grut feest op it plein foar it Abe Lenstra Stadion. Mei trije grutte skermen en optredens fan ûnder oaren: Van Velzen, Syb en MC Remon. En fansels, ek de Praatpeal fan Praat mar Frysk is der ek by! Dus lit dy hearre foar SC Hearrenfean!
Ek Feanfan MC Remon stiet achter ús klup. Hy makke spesjaal foar de kommende wedstriid in beker-rap mei de wûnderlike titel: Solli ed dwaan. Foar Praat mar Frysk joech er syn foarbeskôging.
Alde lûker! Nog erger dan Vanilla Ice.
Breahun 2 years ago
In spultsje? Rot op!
Aldgillis 2 years ago
sjonge jonge jonge joooonge
masterjm36 2 years ago