Ferskate biste-asyls yn Fryslân krije in opfallend soad katten binnen. In stik mear as gewoan om dizze tiid fan it jier. Op guon plakken giet it wol om fjouwer kear safolle katten. Wat no krekt de oarsaak is witte se by de ferskate opfangen net, mar der wurdt tocht dat it te krijen hat mei it winterske waar.
By katteopfang 'T Heerveld yn Lúnbert hawwe se gewoanwei 30 katten, no binne it der 60. En der wurde noch mear ferwachte.
Link to this comment:
All Comments (0)