In nije politike partij yn Smellingerlân set him yn foar mear wentebou yn de doarpen. De Sociaal Liberale Volkspartij wol sa de achterstannen ynhelje dy't ûntsteane no't der yn Drachten net boud wurdt.
De SLVP wol ek dat it bysûnder ûnderwiis by it iepenbier ûnderwiis ûnderbrocht wurdt. Fierder moat de provinsje de nije spoarline tusken It Hearrenfean en Grins betelje en moatte der keapsneinen yn Drachten komme.
It binne in oantal punten út harren ferkiezingsprogramma dat tiisdei presintearre waard yn Drachten. Doel wie om mear minsken te ynteressearjen foar in funksje binnen de partij dy't takom jier maart meidwaan wol oan de gemeenteriedsferkiezings. Der kamen sa'n 30 minsken op ôf.
Link to this comment:
All Comments (0)