Yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne oant no ta sân snieslachtoffers binnenkaam. It giet benammen om minsken dy't fallen binne en dêrby ferwûnings oprûnen lykas in stikkene earmtakke, kniesde knibbels en skouders. Ien persoan hat by in fal de heup brutsen.
De measte minsken kinne nei wer nei húsbehanneling sa is de ferwachting.
Neist ûngemakken jout de snie ek fertier mei sliden, sniepoppen, snieballen en frij fan skoalle.
Yn de polikliniken fan sikehûs MCL yn Ljouwert is it rêstiger as oars, troch it waar. In soad minsken dy't fan bûten de stêd komme, hawwe har ôfspraak ôfsein. Minsken dy't net komme kinne, wurdt oanret om eefkes te beljen, dan wurdt in oare ôfspraak makke.
Link to this comment:
All Comments (0)