De Kast - Man en Lân (SimmerTime)

Loading...

Sign in or sign up now!
Alert icon
Upgrade to the latest Flash Player for improved playback performance. Upgrade now or more info.
1,865
Loading...
Alert icon
Sign in or sign up now!
Alert icon

Uploaded by on Mar 26, 2009

Man en Lân
----------------------------------------------------------------------
Syb:
Jo krije 'n man wol út in lân, jo krije 'n lân net út in man
Wêr hat sa 'n heitelân dat einliks oan fertsjinne
It spuit syn ergenamen út, it jout syn bern in skop en slút
De doarpen foar dy 't gjin droech brea fertsjinje kinne

Rients:
Sjoch ik se stean yn Rotterdam, Marino, Ali of Acham
Mei tryste brune eagen yn it kâld klimaat
Dan tink ik sa stie omke Tsjip destiids op 't emigranteskip
Op wei nei in godferlitten leechte op 'e kaart

Beide:
En noch stekt elk syn eigen heitelân dochs altyd wer omheech
En de ellinde wurdt fergetten en ferjûn
Al wie it destiids earmoed troef, men sjocht mei triennen yn it each
De âlde swiete lieten fan syn bertegrûn
Al hie dy bertegrûn gjin bliksem oan te bieden
Al kaam de leafde fan ien kant, de dream wie ivich en konstant
En dat gefoel is yn gjin oare baan te lieden

Syb:
Want yn har gastarbeidersflat besjonge Sem en Mohammed
De gouden loft oer Bosporus en Dardanellen
Al wie de earmoed dêr har jok en binn' de dagen fan gelok
Ek maklik op de fingers fan ien hân te tellen

Rients:
En Friezen fier yn Kanada, dy 't it as wyn en druven ha
En einliks net nei the old country werom ta wolle
Sitte by sûkerbôle gear en oer de dagen fan alear
Is der gjin moai ferhaal of sentimint te folle

Beide:
It is by heech en leech de âlde leafde dy 't wer boppe driuwt
En sels de krisisjierren wurde romantyk
Al leit de wierheid even oars, 't is nuver mar men bliuwt
In libben lang ûnwennich fan in âlde kyk
Wat ek de wrange redens foar de skieding binne
Jo krije 'n man wol út in lân, jo krije 'n lân net út in man
Wêr hat sa 'n heitelân dat einliks oan fertsjinne?

  • likes, 0 dislikes

Link to this comment:

Share to:
see all

All Comments (0)

Sign In or Sign Up now to post a comment!
Loading...

Alert icon
0 / 00Unsaved Playlist Return to active list
    1. Your queue is empty. Add videos to your queue using this button:
      or sign in to load a different list.
    Loading...Loading...Saving...
    • Clear all videos from this list
    • Learn more