De Friesland Aris hat de earste heale finale fan de play-offs yn en tsjin Bergen op Zoom mei 93-80 ferlern. It begjin fan de Ljouwerters wie net goed. De Giants rûnen út nei 22-11. Nei it earste kwart stie der 24-21 op it boerd, healwei wie de stân 46-37.
Nei it tredde kwart wie it ferskil amper grutter: 68-58. Yn it lêste kwart kaam de tûke rite fan Aris net. Bergen op Zoom wûn sadwaande ek it lêste kwart mei 25-22 en dat brocht de einstân op 93-80.
Darryl Monroe mei 21 en Craig Moore mei 20 punten wiene de topskutters oan Aris kant.
Tongersdei is yn It Kealledykje fan Ljouwert de twadde wedstriid tusken De Friesland Aris en Bergen op Zoom. Yn de heale finale wurdt spile neffens it 'best-of-5' prinsipe. De ploech dy't it earst trije wedstriden wint is finalist. Topfavoryt Grins ferlear yn de eigen Martiniplaza mei 76-67 fan Leiden.
Link to this comment:
All Comments (0)