Op it plysjeburo fan Ljouwert lizze placemats mei tsien foto's derop fan saneamde 'notoire veelplegers'.
Op ien fan dy foto's stiet in man dy't yn in rjochtsaak sit yn ferbân mei de Cambuurrellen. Syn advokaat Tsjalling van der Goot is min te sprekken oer de placemats fan de plysje. Neffens de plysje giet it om in proef as yntern kommunikaasjemiddel. De privacy fan de mannen dy't mei foto en namme op de placemats stean soe neffens de plysje net skeind wurde.
Van der Goot fynt it in skandalige aksje. Korpsbehearder Crone soe akkoart wêze. Yn juny dit jier spile itselde by it plysjekorps fan IJsselland. Dy saak is doe foarlein oan de Nationale Ombudsman en dy hat doe sein dat soks net kin.
Link to this comment:
All Comments (0)