Tiisdei wie yn de grutte turnhal op It Hearrenfean te sjen hoe't de gearwurking tusken Sportclub Hearrenfean en it Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean ferrint. Fuotbaltalinten learden fan Tjalling van den Berg en syn CIOS-studinten hoe't se kopketûmelje moatte en oefenen mei noch folle mear gymnastyk- en turneleminten. SC Hearenfean wol tenei besykje troch turntrainings fan jonge talinten noch bettere fuotballers te meitsjen.
Link to this comment:
All Comments (0)