De ynteresse foar teamsporten rint de lêste jierren bot werom. De maatskippij wurdt mear en mear yndividualistysk. Ek by it sporten sjogge jo dat werom. By volleybal is dat net oars. Om dy trend te kearen wurde der eveneminten lyk as beach-volleybal hâlden.
Yn Holwert wie sneon in grut toernoai mei 40 teams. Om foar te kommen dat it hielendal leechrint moatte je minsken prikkelje om de teamsport wer te finen, sa tinke se dêr.
Yn Holwert wurdt dêrom op 'e pier al in oantal jierren in grut beachvolleybal-toernoai hâlden. De dielnimmers kamen rûnom út Fryslân en sels fan bûten de provinsje.
Link to this comment:
All Comments (0)