Op sneon 13 novimber kamen Sinteklaas en syn Pitermannen wer oan yn Fryslân. Om 14:00 oere die Sinteklaas it Hearrenfean oan. Omrop Fryslân wie by dat bysûndere momint oanwêzich en stjoert it barren streekrjocht út op televyzje. Dejinge dy't op 13 novimber net op it Hearrenfean oanwêzich wêze kin, kin fan 14:00 oere ôf nei de yntocht, en alle festiviteiten dêromhinne, sjen op Omrop Fryslân televyzje. It streekrjochte ferslach fan de yntocht wurdt fersoarge troch Renate Kuivenhoven. Sinteklaas set foet oan wâl op it Breedpad dêr't in hiele keppel bern him tasjongt en dêr't boargemaster fan It Hearrenfean Peter de Jonge him ek offisjeel ûntfangt.
Link to this comment:
All Comments (0)