Keninginne Beatrix bringt tiisdeitemiddei in besite oan Fryslân. Se is oanwêzich by de offisjele iepening fan in ynternasjonaal kongres fan wurdboekmakkers yn Ljouwert. De keninginne sil it grut wittenskiplik wurdboek fan de Fryske Taal online sette. Dat wurdboek bestiet út 25 dielen en is fan tiisdei ôf te finen op ynternet op de webside fan de Geintegreerde Taalbank van het Instituut voor Nederlandse Lexicologie (webside: www.inl.nl).
Link to this comment:
All Comments (0)