We sitte no flink yn de snie, mar op 2 maart 2005 kaam der noch folle mear nei ûnderen. Op guon plakken lei der wol 50 sentimeter snie en de lytse doarpen yn Fryslân rekken op slot. Ek kaam der yn datselde jier foar it earst yn Fryslân kameratafersjoch op iepenbier terrein. Op ferskate plakken yn Ljouwert kamen kamera's te hingjen om oerlêst en geweld tsjin te gean. De measte kommoasje yn 2005 ûntstie troch it deasjitten fan in fûgeltsje: It insidint waard sels wrâldnijs. De skutter sjocht mei mingde gefoelens werom nei alle opskuor dy't it opsmiten hat. Ek hat de skutter fan Duke Faunabeheer út Lelystêd mear as 1700 driichmails krigen. It Iepenbier Ministearje lei Duke Faunabehear in boete op fan twahûndert euro. Omdat se gjin ûntheffing fan de Flora en Faunawet hiene. De ha se betelle, mar Duke Faunabehear hat nea skuld bekind.
It deade dominomoskje is yn 2007 oerbrocht nei it Natuermuseum yn Ljouwert. De rekôrdpoging fan Domino-Day om 4,1 miljoen stientsjes omfalle te litten, is in pear dagen nei de dea fan de wrâldferneamde mosk helle.
Link to this comment:
All Comments (0)