De snie kostet de winkels in soad jild. Yn Snits binne de winkellju miljoenen euro's oan omset misrûn, omdat de minsken thúsbliuwe. De ûndernimmersferiening hat in leanbedriuw ynset om de winkelstrjitten sniefrij te krijen. Guon bedriuwen hawwe op de earste sniedei 90 prosint minder omset draaid. Dat moat dizze dagen noch goedmakke wurde. Dizze tiid fan it jier is oars altyd de drokste tiid fan it jier, mar it winterwaar is spulbrekker. Yn Drachten is der benammen in soad oerlêst op de parkearplakken. Troch de grutte bulten dy't der lizze, is der kwalik plak foar auto's. De ûndernimmers dêr fine dat de gemeente dat ek skjinmeitsje moatten hie. De gemeente Smellingerlân bestriidt dat. Neffens in wurdfierder is it sniefrij meitsjen fan de haaddiken it wichtichste. Dêrnei komme pas de parkearplakken.
Link to this comment:
All Comments (0)