Kneppelfreed as folksfeest

Loading...

Sign in or sign up now!
Alert icon
Upgrade to the latest Flash Player for improved playback performance. Upgrade now or more info.
273 views
Loading...
Alert icon
Sign in or sign up now!
Alert icon

Uploaded by on Feb 17, 2011

Kneppelfreed is dit jier 60 jier lyn en dêrom wol de organisaasje in feest foar it folk. De Kneppelfreedfiering duorret dit jier sechstich dagen. Der binne tal fan aktiviteiten. Ien dêrfan is dat yn dy sechstich dagen lang alle dagen in doarp sintraal stiet. Dat krijt sechstich flaggen om in Fryske spreuk of wurd op te setten.

Kneppelfreed krige de namme omdat de plysje sechstich jier ferlyn demonstranten foar de Fryske taal yn 'e rjochtbank útinoar reage. Kneppelfreed is yn novimber. It begjint mids septimber nei de betinking fan de Slach by Warns. Yn 'e organisaasje sitte ûnder oare de Ried fan 'e Fryske Beweging, it HCL, Tresoar, de stichting Slach by Warns. Der binne ek eksposysjes en in Fedde Schurerlêzing dy't in jierlikse tradysje wurde moat. Fedde Schurer hie de rjochter der yn 'e krante Friese Koerier op oansprutsen dat er net lije woe dat in fertochte Frysk prate yn de rjochtseal. It motto fan de nije fiering is 'Net kneppelje, mar keppelje'. De organisaasje wol mei de aktiviteiten Kneppelfreed nei de gewoane minsken ta bringe.

Category:

News & Politics

Tags:

License:

Standard YouTube License

  • likes, 0 dislikes

Link to this comment:

Share to:
see all

All Comments (0)

Sign In or Sign Up now to post a comment!
Loading...

Alert icon
0 / 00Unsaved Playlist Return to active list
    1. Your queue is empty. Add videos to your queue using this button:
      or sign in to load a different list.
    Loading...Loading...Saving...
    • Clear all videos from this list
    • Learn more