De Fryske sjonger Syb van der Ploeg bringt mei oare bekende artysten in muzikaal earbetoan oan de ferneamde kabaretier Wim Sonneveld. Oanlieding foar de produksje is dat Sonneveld 35 jier ferlyn ferstoan is.
Yn it teaterkonsert Sonneveld voor altijd sjonge fiif artysten begelaat troch in live-orkest hichtepunten út it rike repertoire fan de dierbere teaterman dyt in soad koe. Wa ken se net: Nikkelen Nelis, Margootje en Ome Tijs... Foar Syb is it in grutte eare om solo Het Dorp útfiere te meien. Dat is ien fan de meast wurdearre Nederlânsktalige lieten út 'e foarige ieu.
Mei Suzan Seegers, Roberto de Groot, Frits Sissing en Trudy Labij kaam Syb van der Ploeg op foar in try-out yn it lytse teater De Winsinghhof yn it Drintske Roden.
De K-rûte wie derby om fêst efkes te sjen yn de klaaikeamer en op it toaniel. Op 20 novimber is de foarpremjêre yn teater De Harmonie yn Ljouwert. Twa dagen letter is de premjêre yn Amstelveen
heb de voorstelling gezien in leeuwarden,hij was super goed,allemaal de complimenten.
rimmy08 2 years ago
Syb, kom nei hûs man! Dan kinne wy Sonneveld ek ris yn it Frysk hearre!
Sel1R 2 years ago
sorry, heel flauw...
majaorca100 2 years ago
Thuis heb ik nog ansichtkaart waarop mijn vrouw staat met een baard...:P
majaorca100 2 years ago