By it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn Jaarsveld soarge Bart Helmholt fan Burgum sneon foar in geweldige ferrassing troch in nij Nederlânsk rekôr fan 21,01 meter te springen.
It âlde rekôr fan 20,79 meter stie op namme fan Jaco de Groot út Kamerik. It is foar it earst yn de fierljepskiednis dat der oer de 21 meter ljept is. By de froulju pakte Anne Jet Leyenaar fan Snits mei in Frysk rekôr fan 16,06 meter de titel.
Nard Brandsma fan It Heidenskip waard kampioen by de junioaren mei in sprong fan 18,72. By de jonges wûn Albert-Jan Venema fan Feanwâlden mei in sprong fan 18,32 meter.
"Albert Jan Venema"
ahahha mooie naam XD
xzaz2 2 years ago