Boargemaster Brok ferlit Snits en giet nei Dordrecht as boargemaster. De gemeenteried dêr hat him foardroegen. Brok woe fuort, omdat syn gemeente op 1 jannewaris 2011 ferdwynt. Hy wol gjin boargemaster fan de nije fúzjegemeente wurde. Arno Brok is hikke en tein yn de omkriten fan Dordrecht. Hy wurdt dêr ek de nije korpsbehearder. Hy woe graach yn Fryslân bliuwe, mar seach Ljouwert oan syn noas foarbygean. Oare opsjes yn Fryslân seach hy net. De fertrouwenskommisje yn Dordrecht hat Brok hast unanym foardroegen en sjocht yn him in hiele goeie boargemaster mei in soad enerzjy. Yn Dordrecht spilet gjin weryndieling, wol moat der folle mear gearwurke wurde mei de buorgemeenten. Yn Snits is de gemeenteried yn sân hasten byelkoarroppen. Sjoerd Tolsma reagearret as nestor fan de ried tige teloarsteld oer it opstappen fan Brok. Hy hie hope dat Brok de nije boargemaster fan de gemeente yn de Sudwesthoeke wurde soe.
Link to this comment:
All Comments (0)