Mei nûmers as 'In jûn yn Grins' en de 'Fordson Dexta Blues' waard de Fryske band Swiet & Bjuster bekend. Tusken 1992 en 1998 diene se hûnderten optredens en makken se fjouwer cd's.
De aardichheid rekke der nei ferrin fan tiid ôf en elk gie syn eigen muzikale wei. Mei-ynspirearre troch de comeback fan oare bands út de Fryske Wâlden as De Kast en Strawelte komt der yn jannewaris in reuny yn it tsjerkje fan Sibrandahûs. De kaarten wiene yn in pear dagen al útferkocht.
Opfallend, want it is al mear as tsien jier lyn dat de manlju foar it lêst mei elkoar spile ha. It is net de bedoeling dat Swiet & Bjuster in nije cd útbringt.
machtig. respect!
rainman25a 2 years ago
"t optreden wie hélemaal te gek!! Wót no 10 iier ferlien..."t wie precies as 10 iier ferlien....Jim matte gauw wer optrede jer! Dan bin ik d'r séker by. Groetsjes út Holwerd.
Grietje64 2 years ago
Snein reünie!! Oarnt dan.....
Grietje64 2 years ago