Alert icon
We're changing our privacy policy. This stuff matters.  Learn more  Dismiss

Yntocht Sinteklaas yn Surhuzum (2)

Loading...

Sign in or sign up now!
Alert icon
Upgrade to the latest Flash Player for improved playback performance. Upgrade now or more info.
3,038
Loading...
Alert icon
Sign in or sign up now!
Alert icon

Uploaded by on Nov 23, 2008

'Hear de wyn waait troch de beammen', wie sneon 22 novimber wol fan tapassing by de yntocht fan Sinteklaas yn Surhuzum. Alhoewol't it in tige kâlde en wynderige dei wie, wiene der in protte bern en grutte minsken op 'en paad om Sinteklaas te begroetsjen. Mei hynder en wein ried Sinteklaas, mei it muzyk foarop, in slach troch it doarp. Sinteklaas hie fan't jier fjouwer swarte Piten meinaam nei Surhuzum. Op 'e hoeke fan 'e Schuurmanwei nei Lustenburg kaam Sinteklaas efkes fan 'e wein ôf om de bern en grutte minsken in hân te jaan, wylst de Piten pipernuten útdielden. Inkele bern hiene ek noch een presintsje foar de goedhillichman. Dêrnei gong de staasje wer fierder rjochting It Noard. Mar doe't se wer fan It Noard nei it doarp rieden, om fia de Doarpsstrjitte en de Bartemerwei nei De Delfeart te gean, hie in swarte Pyt gjin nocht mear om fierder te rinnen en sprong by ien fan de heiten achter op 'e fyts. In oare swarte Pyt hie it skynber te kâld krigen, want hy hold in autobestjoerster oan en frege har oft se swarte Pyt nei it doarpshûs bringe woe. Dat koe spitich genôch net, dat Pyt moast dochs it lêste stikje rinne. Oan de ein fan 'e rit kaam eltsenien om in oere of twa oan by De Delfeart, dêr't it grutte feest foar de bern begjinne koe. Der waard omraak songen foar Sinteklaas en foar eltsenien siet der dan ek in presintsje yn 'e skoech. Om in oere of trije siet it feest der wer op en gong elk wer op hûs oan. Dêrnei wie der foar de bern fan groep 5 fan 'e basisskoalle ôf noch disko yn it doarpshûs.

Category:

People & Blogs

Tags:

License:

Standard YouTube License

  • likes, 0 dislikes

Link to this comment:

Share to:
see all

All Comments (0)

Sign In or Sign Up now to post a comment!
Loading...
Alert icon
0 / 00Unsaved Playlist Return to active list
    1. Your queue is empty. Add videos to your queue using this button:
      or sign in to load a different list.
    Loading...Loading...Saving...
    • Clear all videos from this list
    • Learn more