Der is in jildich kontrakt tusken AZ en Afonso Alves. Dat is de foarlopige konklúzje fan de arbitraazjesaak dy't AZ oanspand hat tsjin sportklub Hearrenfean. Probleem is dat Alves syn kontrakt by Hearrenfean noch net opsein hat.
Der is noch gjin útspraak dien nei oanlieding fan de arbitraazjesaak. Dêrtroch is it noch net dúdlik oft Hearrenfean meiwurkje moat oan in transfer fan Alves nei AZ. De Brazyljaan soe sels in sterke foarkar hawwe foar in transfer nei it Ingelske Middelsborough, mar dêr is woansdei net oer praat by de arbitraazjesaak. Hearrenfean-direkteur Yme Kuiper hopet dat der mei gauwens dúdlikheid komt, want de ein fan de transferperioade, 31jannewaris, is al wer yn sicht.
Friess:p ik versta het ook niet xD
REEDLAAM 3 years ago
wtf is dit nederlands of duits?
feyenoorden02 3 years ago