It waar fan hjoed
Fan 'e moarn noch in oantal buien en buikes, bytiden mei hagel en wynstjitten. Geregeld sinneskyn. Fan 'e middei droech waar mei in soad sinneskyn en temperatueren om de 8 of 9 graden hinne. In yn krêft ôfnimmende westlike wyn oant matig, kust frij krêftig. Yn 'e rin fan 'e middei in tanimmende bewolking. Op 'e jûn en yn 'e nach rein of in bytjse rein.
Foarútsjoch
Bewolkt waar mei in sterk buiich karakter. Opnij yn 'e buien kâns op wynstjitten, letter ek tonger en hagel. Oerdei 8 of 9 graden. In krêftige westlike oant noardwestlike wyn. Oan de kust en yn it Waadgebiet hurd of stoarmich.
Snein geregeld sinneskyn en inkelde buien en buikes. Moandei bewolkt waar mei geregeld rein of in bytjse rein. Oerdei in krêftige westlike wyn. Tiisdei perioaden mei sinneskyn en droech waar. Ek woansdei en tongersdei droech waar.
Link to this comment:
All Comments (0)