Mantgum- By in brân yn in stâl by Mantgum is woansdei oan it begjin fan de jûn asbest frijkaam. Yn de stâl stie in trekker dy't troch noch ûnbekinde oarsaak yn brân flein wie. De bewenners fan de pleats njonken de stâl ûntdutsen de brân en sleine alarm.
Troch it fjoer binne guon golfplaten op it dak fan de stâl knapt. De brânwacht fan Mantgum hie it fjoer rap út. It terrein om de stâl hinne is ôfset om fierdere fersprieding fan asbestdieltsjes foar te kommen.
Vooral leuke muziek o.O
elkenaambestaatal 3 years ago