Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar de minderhiedstalen, sil sneon 27 plakfine yn Bretagne, yn it kustplak Lorient. Fryske kandidaat foar de priis is Equal Souls, mei sjongeres Janneke Brakels. Opmerklik is ide kar foar Bretagne, want it Bretonsk wurdt troch Frankryk net erkend as taal. En dêr sille dy jûn grif wol wat wurden oer falle. Lykas by eardere edysjes wie de mediabelangstelling foar Liet Ynternasjonaal op 'e nij bysûnder grut. Trije regionale Bretonske tillevyzjestjoerders hawwe it sjongfestival foar minderheidstalen live útstjoerd op TV en op ynternet.
Link to this comment:
All Comments (0)