Walter de Vries, de IFKS-kampioen fan 2007, hat tiisdei yn Heech syn earste wedstriid wûn fan it skûtsjesilen. Hy hie in flinke foarsprong op Henk Regts en Tony Brundel, dy't as twadde en tredde einigen.
Om de hurde rein moast de start in heal oere útsteld wurde. Doe waard der dochs in harmonieuze wedstriid syld. Huisman en Dijkstra lutsen foar de finish harren protest wer yn. Tony Brundel rekke in tonne, mar krige gjin protest.
Link to this comment:
All Comments (0)