De foaromlopen fan Boer tsjin Boer sitte der op en 4 boerepearen sille no stride yn in grutte kompetysje en ôffalrace.
Sjoerd (15) is de soan fan Henk van der Boon. Hy hat Gerke Veenstra (26) út Twizel ek opjûn.
Sjoerd die in snuffelstaazje op de pleats fan Gerke. Sa kenne dizze twa elkoar. Sjoerd woe leaver in jongesduo foarmje mei Gerke as mei syn heit.
Gerke hat mei syn 26 jier al 4 jier foarsitter west fan de Agraryske Jongerein en is no aktyf by de LTO. Hy buorket yn Twizel, tegearre mei syn broer en heit.
De oarspronklike pleats leit oan de oare kant fan de dyk. En neffens goed Wâlds gebrûk is it in gesellige bisteboel. Sa is Gerke bygelyks ek sjocht op syn Fryske hynders.
Link to this comment:
All Comments (0)