De 33-jierrige Louiza Saitova út Wâldsein is in jonge frou mei in ferhaal. Se flechte yn 2003 tegearre mei har man en bern ut Grozny, Tsjetsjeenje, om't har man ferfolge waard troch de Russen yn it Tsjetsjeensk/Russysk konflikt. In soad minsken om har hinne binne yn dy oarloch omkaam en dêrom is Louiza tegearre mei har húshâlding nei Fryslân kaam om in nij bestean op te bouwen. Al gau pakte se har âlde leafde wer op: muzyk meitsjen. Se jout no muzykles op 'e Jouwer en dirigearret in tal koaren yn Wâldsein. Dêrneist skriuwt se ek har eigen muzyk. Yn gearwurking mei Jannie Roodhof-Pool hat dat ek in tal nûmers opsmiten mei Fryske teksten. Yn har teksten beskriuwt Louiza har ûnderfinings mei de oarloch en wol se it konflikt yn Fryslân ûnder de oandacht bringe. De nûmers binne bondele mei in tal Russyske lieten ta it muzykprogramma "Rêden troch muzyk".Op snein 8 maart en sneon 21 maart sil se dit programma live bringe yn Twel en yn Wâldsein. De K-Rûte gie by dizze bysûndere frou del en spruts mei Louiza Saitova oer har ferline, har muzyk en har takomstplannen. En oer Projekt Hulp Groep Tsjetsjenië. In stifting dy't troch Louiza oprjochte is om jild yn te sammeljen foar hendikapte oarlochslachtoffers yn Grozny.
Geweldich, o sa moai en sjoch. Groetnis fan dyn kollega Rob
robdujardin 1 year ago
Is Geeske famylje fan de Erika?? Se sjocht der wol sa útxD yn tsjinstelling ta Louiza, dy hiel knap is.
fryskhanne 2 years ago
ik ha nog muzykles fan louiza han op mien basisskoalle.
AAfireworks 2 years ago