Yn Feanwâlden, gemeente Dantumadiel, wurkje alle foarskoalske en skoalske ynstânsjes mei elkoar gear om te kommen ta in optimale taalûntwikkeling. Fanôf it earste libbensjier oant en mei groep 8 is der strukturele, trochgeande oandacht foar de meartalige ûntwikkeling fan it bern. Konsultaasjeburo, berndei-opfang, pjutteboartersplak en basisskoallen hawwe geregeld oerlis en wurkje fanút ien fyzje oan de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De film Troch mei talen jout in dúdlik byld fan dizze oanpak.
Dizze film is mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân, gemeente Dantumadiel, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Bibliotheken Noordoost Friesland en CEDIN educatieve dienstverlening.
Productie: PS Produkties (Leeuwarden)
Link to this comment:
All Comments (0)