Alert icon
We're changing our privacy policy. This stuff matters.  Learn more  Dismiss

Hjoed: Ravaazje nei botsing ambulânse mei frachtauto's by Ljouwert

Loading...

Sign in or sign up now!
987 views
Loading...
Alert icon
Sign in or sign up now!
Alert icon

Uploaded by on Dec 31, 2009

By in oanriding op de súdlike rûnwei fan Ljouwert binne woansdeitejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. Twa fan har binne der slim oan ta. Ien fan beide is de ambulânsesjauffeur (54) út Ljouwert. Dy is frontaal op in frachtauto botst neidat er ynhelle of op de ferkearde dykhelte bedarre is. Twa oare frachtauto's ferûngelokken doe't se de oanriding besochten te ûntwiken. De foarste ried dwers oer in beam en bedarre yn in feart. Dy sjauffeur (26) út Harns rekke beknipe. Hy is mei in brutsen skonk en pols nei it sikehûs brocht. De ferpleechkundige fan de ambulânse (49) út Stiens, dy't mei de swaailjochten oan ûnderweis wie nei in oprop, rekke ek ferwûne. Sy koe nei in behanneling yn it sikehûs nei hûs. It fjirde slachtoffer is de sjauffeur fan de achterste frachtwein.

Nei de tadracht fan it ûngelok wurdt noch ûndersyk dien. It ûngelok wie op it stik fan de Hendrik Algrawei tusken Goutum en de ôfslach nei yndústryterrein Newtonpark. De rûnwei hat noch oant tongersdeitemoarn 5 oere ôfsletten west fanwege it opromjen fan de brokstikken.

  • likes, 0 dislikes

Link to this comment:

Share to:
see all

All Comments (1)

Sign In or Sign Up now to post a comment!
  • blikjuh,dy hawwe meiinoar in bêste kletser makke âlde!

Loading...

0 / 00Unsaved Playlist Return to active list
    1. Your queue is empty. Add videos to your queue using this button:
      or sign in to load a different list.
    Loading...Loading...Saving...
    • Clear all videos from this list
    • Learn more