It NK pronkriden yn Hylpen is tiisdei om 11.30 oere losgien op 'e Iselmar. IIsklup Hindeloopen en de KNSB organisearje de wedstriid. Der dogge sa'n 40 wedstriidriders oan mei. Der is in soad publyk en ek in soad mediabelangstelling foar it evenemint. It nasjonaal kampioenskip pronkriden is noch nea earder yn Fryslân ferriden. De wedstriid is op de iisbaan by it Badpaviljoen krekt bûten Hylpen.
top top top
CDKGuru01 2 years ago