Begjin oktober waard hy fan de slacht rêden en no hat er syn eigen krysthit: Derek Buitenzorg. De draver, dy't eigendom is fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, is ûnderwerp fan it nijste nûmer fan it bekende Fryske sjongduo Die Twa. It nûmer hat de titel 'Us Derek' krigen en is opnaam op de melody fan miskien wol de bekendste krysthit fan de wrâld 'Happy Christmas (war is over)', fan John Lennon. De klip fan it nije nûmer giet jûn op televyzje yn premjêre yn it sportprogramma Boppeslach.
Die Twa hat it ferhaal fan Derek Buitenzorg ferline wike, op fersyk fan de sportredaksje, op tekst setten. Dêrnei is ûnder grutte tiidsdruk yn ien dei in klip by makke. De klip is opnaam yn de studio's fan Omrop Fryslân en op lokaasje yn Terbant yn de stâl fan Eelke Kruis, dêr't Derek stiet. Foar it bernekoar op de achtergrûn is meiwurking fûn fan it bernekoar fan basisskoalle De Wyngert yn Drachtster Kompenije, ûnder lieding fan Egbert Klazenga. Die Twa is ûnder oaren bekend fan de nûmers 'Fûgels', 'Sinnewaarmte' en 'Winter'.
It nûmer wurdt sûnt sneon op Omrop Fryslân Radio draaid en de klip giet no jûn yn premjêre yn Boppeslach. Dêrnei is de klip de kommende wiken geregeld op televyzje te sjen. De sportredaksje hat der alle fertrouwen yn dat 'Us Derek' in hit wurdt en de Fryske Top 100 fan dit jier noch helje sil. De stimming dêrfoar duorret noch oant en mei sneon 24 desimber.
zingen wij niet mooi (het kinderkoor)
die twa natuurlijk heel mooi :D
mooieliedjesChanel 2 months ago
wat een prachtig mooi nummer en dat fan us derek die 't fryslan op de kop zet mij die twa
wat een mooi krys nummer
eppie372 2 months ago
wat is et ek een moai numer wurden (Y) top dien
nederlandstaligfan 2 months ago