Gerard Boersma syn skilderijen hingje ein jannewaris op de L.A. Art Show. Dit is in grutte en wichtige keunstbeurs, dêr't Boersma syn hyperrealistyske wurk te hingjen komt mei giganten lykas Rembrandt, Picasso en Monet. It is bekend dat de beurs ek goed besocht wurdt troch Hollywoodstjerren, dat wa wit hinget Gerard Boersma aanst by Angelina Jolie boppe it bêd. Trije jier ferlyn eksposearre Gerard foar it earst yn New York. Doe sette er syn earste stappen op it paad fan de ynternasjonale merk. It is tige bysûnder dat dizze Ljouwerter skilder troch wit te brekken ta de hegere regionen fan 'e keunstmerk.
Link to this comment:
All Comments (0)