Upload

Loading icon Loading...

This video is unavailable.

Fryslân DOK: UFO's yn Fryslân

Sign in to YouTube

Sign in with your Google Account (YouTube, Google+, Gmail, Orkut, Picasa, or Chrome) to like Omrop Fryslân's video.

Sign in to YouTube

Sign in with your Google Account (YouTube, Google+, Gmail, Orkut, Picasa, or Chrome) to dislike Omrop Fryslân's video.

Sign in to YouTube

Sign in with your Google Account (YouTube, Google+, Gmail, Orkut, Picasa, or Chrome) to add Omrop Fryslân's video to your playlist.

Uploaded on Jun 25, 2011

Bûtenierdsk kontakt spilet in wichtige rol yn 'e wrâld. It sil neffens ynwijden net lang mear duorje eart bûtenierdske wêzens harren sichtber meitsje. Sa binne der, sa wurdt rûsd, yn Nederlân tusken de 8.000 en 10.000 minsken mei bûtenierdske kontakten. Guon sjogge sels ufo's fleanen. Trije minsken fertelle oan Fryslân DOK oer harren kontakt mei it bûtenierdsk libben en de enerzjy dy't sy dêrfan krije.
Hendrik Kok hat regelmjittich kontakt mei bûtenierdsk libben. Der lânje by him yn it Fryske Aldeberkeap geregeld ufo's yn it lân efter syn hûs. Dy ufo's binne sa'n tritich oant sechtich meter yn trochsnee. It 'Astra Command' jout him telepatysk tekens troch. "Dat is in organisaasje út it universum wei. Sy seine: Meitsje jo gjin soargen, dit is efkes om kenber te meitsjen dat wy der binne. Us romteskip hat wat swierrichheden, wy sitte hjirboppe. It kin wêze dat we sichtber wurde, mar jo moatte net skrikke, der is neat te rêden", sa seit Kok. Ek Sonja Sterken en Hendrika Jongsma hawwe kontakt mei net-ierdske wêzens. Sonja is der koartlyn efterkaam dat har siel fan Sirius is. Hendrika hat regelmjittich oranje bollen oer de Tsjûkemar bewegen sjoen. Dat fertelt sy ûnder de gearkomste fan 'Niburu', in organisaasje dy't har dwaande hâldt mei it publisearjen fan bûtenierdsk libben. Hendrika giet yn de film nei Wolvegea, om dêr by it saneamde 'Astra Stargate' hege enerzjy te fangen. Dat docht sy troch tusken 24 bollen fan kristalglês lizzen te gean. De oanwêzigens fan bûtenierdsk libben is dreech te bewizen, mar as it oan de bûtenierdske wêzens leit, sil dat neffens ien fan de haadpersoanen yn de film ynkoarten wol mooglik wêze. Hy kriget de folgjende boadskip: "De reden dat wy net sichtber binne, is te ferklearjen út it feit dat in soad fan jimme noch gjin kennis hawwe fan it feit dat der bûtenierdsk libben is. Mar de dei dat wy ús massaal manifestearje, lit net lang op him wachtsje. Groet Elim van Venus."

Loading icon Loading...

Loading icon Loading...

Loading icon Loading...

Loading icon Loading...

Ratings have been disabled for this video.
Rating is available when the video has been rented.
This feature is not available right now. Please try again later.

Loading icon Loading...

Advertisement
Loading...
Working...
to add this to Watch Later

Add to