Yn it reedrydmuseum yn Hylpen is woansdei in boek presintearre oer Olympyske helden. De offisjele titel is: Olympische Spelen, hardrijden 1894 tot en met 2010. It boek is skreaun troch Johannes Lolkama.
It earste eksimplaar waard woansdei oan âld-rider, âld-trainer en sjef de mission fan de ôfrûne Winterspelen Henk Gemser útrikt troch syn âld-pupil Ids Postma. By it twadde eksimplaar gie it oarsom. Dat krige Ids Postma fan Henk Gemser.
Ids Postma waard yn 1998 yn Nagano Olympysk kampioen op de 1000 meter
Link to this comment:
All Comments (0)