Trije jier lyn spile de teatergroep Suver Nuver de foarstelling "Au bain marie". Dy foarstelling gie oer it skeppingsferhaal en spile him ôf yn in plantekas mei in paradys-sfear. De foarstelling dy't Suver Nuver dit jier op Oerol sjen lit is "Zum Wohl" en giet fierder wêr't "Au bain marie" ophâlden is. It giet oer it ferdreaun wêze út it paradys, it weromwollen nei dat paradys, nei de memmeskoat, nei de oerknal. Se hawwe dêr alles foar oer, mar hoe fier giet in minsk?
Suver Nuver bestiet út de spilers Dette Glashouwer, Henk Zwart en Peer van den Berg en de foarstelling wurdt regisearre troch Gerardjan Rijnders.
Link to this comment:
All Comments (0)